ûndogensk ôfspraakje

Rendez-vous – Esther Verhoef

Opnij lêze
In boek út 2006 (18e pr.) dat ik foar de twadde kear lêzen haw, omdat ik it ien fan de bêste thrillers fyn dy’t troch Nederlânske froulike thrillerauteurs skreaun binne. It tema docht der eins net safolle ta, de wize werop’t it skreaun is namste mear. Dan hinderet it neat dat de technyk fan it mobyltsje yntusken in wrâldlingte feroare is, as it gefoel en de spanning mar rekke binne.
It boek komt net ûnder klysjeebylden út: lykas dat manlju harren leafde earder troch in ferbouwing (ik doch it foar dy!) ta útdrukking bringe as troch praten. Oarsom ek dat froulju net sûnder oandacht en komplimintsjes kinne en dêrtroch folle better funksjonearje.

Ôfglydzje
It boek sit gewoan hiel knap yninoar. De tinkbylden fan de froulike haadpersoan, Simone, dy’t lang om let foar harsels kiest, blike achterhelle te wurden troch de neakene feiten; dêr’t it ferhaal hiel oars fan yn inoar blykt te stekken.
Hoe is dat gefoel om ôfperst te wurden, of hoe is dat om bemind te wurden troch in oarenien as dyn partner dêr’st mei troud bist? Wat docht spanning mei dy; hoe pakst ferlechjes oan. Hoe glidest stadich ôf fan aventoerke nei ûntrou. Wat krijst ast hiele dagen klearstean moatst foar in bouploech en net oan dysels takomst. Hoe kinst it goedkrije om de bern ôf te keapjen mei it iene kado nei it oare?

Foar it lapke
Moatst der as lêzer oer kinne datst folslein op ‘e ferkearde foet set wurdst. Wurdst meifierd nei in Frânske nor, ôfwiksele mei de ûntwikkeling fan it hinne en wer smiten wurden fan de haadpersoan tusken wat sa heart en it bûten de stringen doarre te stappen. Foar lekkerbekken is der ek fan alles te genietsjen, want Simone moat omstean leare: fan siede út pakjes, giet se werom nei de ûnbedoarne rauwe keuken à la Francais.

Amour
Har leafdeslibben hat dêr ek wol wat fan; fan it foarprogrammearde foarsisber kabbeljend ien kear yn ‘e wike stramyn, fan hûndert yn in doaske, nei seks yn alle toanaarden, bûtenwênst. Kin Simone dat oan? De spanning wurdt moai opfierd, it falt net ta om it boek del te lizzen.
(Oantúchadvys: In moai kadootsje foar lju dy’t yn in ferbouwing sitte.)

januari 22, 2012
By on 19:54

DeHerman Koch – Het diner

Komselden dat ik sa’n yntigrearjend boek lêzen ha, dêr’t hieltyd sa’n berop op myn gewisse dien wurdt. Sûnder de clou weijaan te wollen, binne it yn dit boek no net de manlju dy’t de straf dy’t harren bern ûndergean moatte, ûntrinne wolle, mar it binne krekt de froulju, of krekter sein: de memmen. De memmen dy’t net wolle dat de karrière fan manleaf deroan giet, of dat it libben fan de soan nei de barbysjes giet.
It boek is as in bekentenis skreaun, mar bytiden wurde der persoanlike details, byg. oer sykteferskynsels mei opset sin net opneamd, omdat soks te privee wêze soe. En dan wurdst as lêzer krekt nammertse benijder wat der dan eins krekt oan ’e hân is.
Hoe hjit dy ôfwiking dêr’t de iene heit en mooglik syn soan ek, fan te lijen hat?
Hoewols’t as lêzer yn it begjin de yndruk hast dat man A, hiel mâl is mei syn frou; komst der linkendewei achter dat syn frou dan wol gek op him is, mar likegoed ‘út beskerming?’ allegear saken achterhâld: kompromittearjende filmpes op YouTube, in ferswijde fruchtwetterpunksje en soks.
Miskien omdat it yn Nederlân spilet – de krekte lokaasje wurdt net neamd, al ride der wol trams, dat it moat ien fan de grutte stêden wêze – en de beide húshâldings oan ‘e bûtekant sûnder wryt of slyt lykje te wezen, komt de klap nammerste hurder oan en fielst mei de belutsen persoanen mei. Terjochte? Lês it sels.
(Oantúchadvys: ja dit is wol sa’n boek om te hawwen en dêrnei noch hiel faak wer út te lienen en der dan oer te praten. Ek oanrieder foar rjochtestudinten)
el wat je interesseert

DSC01234

juli 25, 2011
By on 19:53

By on 18:53

Jopie Huisman De Andere Kant
Boek fan de publisist Albert van Keimpema oer it libben fan Jopie Huisman, in iepenhertich en yntrigearjend ferhaal oer hoe’t de myte Jopie Huisman ûntstien is. Achteryn it boek, dat teffens as katalogus tsjinnet, is in oersjoch fan it wurk opnaam, dat oant 6 nov. 2011 te sjen is yn Warkum oan it Noard 5, yn in pand tsjin it Jopie Huisman museum oer.
Hoe yngripend de leafde west hat en wêze kin, dat gefoel oerhearsket by my neidat ik it boek trochlêzen ha en it wurk dat der yn opnaam is, besjoen haw.

DSC01172

juli 18, 2011
By on 22:15

By on 21:15
Dei 5 Dokkum – Ljouwert

Dei 5 Dokkum – Ljouwert

In feestje, of nee: ien grut feest. Tagelyk ek sentimental journey, want wy kamen by myn bertehûs del,DSC00928 
mar yn Ljouwert ek by twa huzen dêr’t ik wenne haw en by myn nije wurk. Muzyk yn it doarphûs op ‘e Geast, minsken oan ‘e kant fan ‘e dyk, hearlike sûpe yn Gytsjerk, dropkes, spekjes, lekker fris wetter om de fleskes mei te foljen, neam mar op.

De ûntfangst yn De Harmonie wie fantastysk en… ik haw myn felbegearde krúske: mission accomplished. Tagelyk ek in bytsje mankelyk, no’t it oer is. Justerjûn tocht ik noch: ien kear en NOAITDSC00934 
wer, mar hjoed, nei sa’n geweldige rindei, draait it al in bytsje by, dat wa wit!

juni 4, 2011
By on 19:07
Dei 4 Frjentsjer – Dokkum

Dei 4 Frjentsjer – Dokkum

DSC00908 
Freaky Friday, oars kin ik it hast net omskriuwe. Dit ferslach skriuw ik in dei letter, dus it hiele botte is der no al wat ôf, mar ik fûn it leadswier om te rinnen. De fuotten wiene geandewei feroare yn byfstik tartaar. Fanwege it ‘kroanjier’gie de tocht ditkear net oer Stiens en hoegden wy ek net oer de langste strjitte fan Nederlân.

DSC00912 
Gelokkich wie myn rinmaat S. fan de lêste 8 km fan juster ek wer fan de partij: oars hie’k ik it net helle. De konklúzje doe’t ik jûns by famylje langút op ‘e bank lei mei twa paracetemoltsjes en in bak kofje – neidat ik yn ’t bad yn ‘e sliep sûzele wie- wie dizze: better goed selsskip en lêst fan ‘e fuotten, as de tocht fluitsjend folbringe, mar poer allinne…

DSC00913 
By de famylje yn Damwâld bin’k werklik yn bûter en sûker opbakt en sa goed sa kwea wer opwoutere en nei in goede nacht sliep, waard ik sels krekt foardat de wekker gie wekker!

By on 19:00

By on 18:07

By on 18:00
Dei 3 Warkum – Frjentsjer

Dei 3 Warkum – Frjentsjer

Fannemoarn, opnij mei de dize oer it fjild mei de trein fan Mantgum nei Warkum, mei H. en C.. DSC00891

Dêr yn Warkum, earst in kertier stûf oanrinne, om by de start te kommen. Lekker even wat kofje en los!

Opnij in prachtige rûte en opnij oppenearren de teannen har, yn de foar de gelegenheid út it hok helle, alderâldste turftrapers. ‘Het mocht niet baten’, ek no wer blierren, dus by Arum wer ûnder it mes. Mei in f(r)acht fette watten wer oan ’t bongeljen.DSC00901

Doe’t it oan it swurd fan grutte Pier ta wie, yn Kimswert, fielde dat as it swurd fan Damokles: ophâlde, of trochbokselje?

Earst mar in grutte cappuccino mei taart. De waardin hie sels rabarber-ierdbeitaart makke, dat is foar my meastal in poerbêst medisyn. DSC00902

Neidat ik mysels moed ynsprutsen hie en mysels danich ûnder hannen naam hie (dit woest sels, no trochsette blikskaters), gie’t justsjes better. Doe kaam der in sms-ke fan M. Wêr bist no? ’Tusken Arum en Harns’.

By de stimpelpost yn Harns, siet in bekende, dat wie ek wer in aardige opstekker. Letter in buordsje: Frjentsjer: 8 km. Tafallich rûn ik drok pratend mei ien op. Ynienen seach ik links fansiden wat bekends: twa froulju op kempingstuoltsjes: in bûnt piknikkleed útspraat yn ’t gers. Jaaaaa! Twa freondinnen mei in tasfol lekkere dingen: folle jochurt mei farske framboazen, in kanne kofje, sûkerkoeke en sûkelade mei foar ûnderweis!!!! Wat in superleuke ferrassing. Doe’t ik wer fan ’t kleed ôfmoast, rûn der krekt wer in persoan dy’t der ek wol ferlet fan hie om krekt as my beselskippe te wurden oan de einstreek ta.

Noch in ferrassing: koerier G. siet mei syn frou by de rûte, ek al wer sa’n geweldige opstekker.

Hjerbeam yn sicht en nei in moai skoft: Frjentsjer! Dêr kaam kollega B. my temjitte, ek al wer sa’n boppeslach. Om koart te kriemen: opnij in enervearjende dei!

juni 2, 2011
By on 20:33