juli 25, 2011
Door op 18:53

DeHerman Koch – Het diner

Komselden dat ik sa’n yntigrearjend boek lêzen ha, dêr’t hieltyd sa’n berop op myn gewisse dien wurdt. Sûnder de clou weijaan te wollen, binne it yn dit boek no net de manlju dy’t de straf dy’t harren bern ûndergean moatte, ûntrinne wolle, mar it binne krekt de froulju, of krekter sein: de memmen. De memmen dy’t net wolle dat de karrière fan manleaf deroan giet, of dat it libben fan de soan nei de barbysjes giet.
It boek is as in bekentenis skreaun, mar bytiden wurde der persoanlike details, byg. oer sykteferskynsels mei opset sin net opneamd, omdat soks te privee wêze soe. En dan wurdst as lêzer krekt nammertse benijder wat der dan eins krekt oan ’e hân is.
Hoe hjit dy ôfwiking dêr’t de iene heit en mooglik syn soan ek, fan te lijen hat?
Hoewols’t as lêzer yn it begjin de yndruk hast dat man A, hiel mâl is mei syn frou; komst der linkendewei achter dat syn frou dan wol gek op him is, mar likegoed ‘út beskerming?’ allegear saken achterhâld: kompromittearjende filmpes op YouTube, in ferswijde fruchtwetterpunksje en soks.
Miskien omdat it yn Nederlân spilet – de krekte lokaasje wurdt net neamd, al ride der wol trams, dat it moat ien fan de grutte stêden wêze – en de beide húshâldings oan ‘e bûtekant sûnder wryt of slyt lykje te wezen, komt de klap nammerste hurder oan en fielst mei de belutsen persoanen mei. Terjochte? Lês it sels.
(Oantúchadvys: ja dit is wol sa’n boek om te hawwen en dêrnei noch hiel faak wer út te lienen en der dan oer te praten. Ek oanrieder foar rjochtestudinten)
el wat je interesseert

DSC01234

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *

*

De volgende HTML tags en attributen zijn toegestaan: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <strike> <strong>