ûndogensk ôfspraakje
Rendez-vous – Esther Verhoef
Opnij lêze
In boek út 2006 (18e pr.) dat ik foar de twadde kear lêzen haw, omdat ik it ien fan de bêste thrillers fyn dy’t troch Nederlânske froulike thrillerauteurs skreaun binne. It tema docht der eins net safolle ta, de wize werop’t it skreaun is namste mear. Dan hinderet it neat dat de technyk fan it mobyltsje yntusken in wrâldlingte feroare is, as it gefoel en de spanning mar rekke binne.
It boek komt net ûnder klysjeebylden út: lykas dat manlju harren leafde earder troch in ferbouwing (ik doch it foar dy!) ta útdrukking bringe as troch praten. Oarsom ek dat froulju net sûnder oandacht en komplimintsjes kinne en dêrtroch folle better funksjonearje.
Ôfglydzje
It boek sit gewoan hiel knap yninoar. De tinkbylden fan de froulike haadpersoan, Simone, dy’t lang om let foar harsels kiest, blike achterhelle te wurden troch de neakene feiten; dêr’t it ferhaal hiel oars fan yn inoar blykt te stekken.
Hoe is dat gefoel om ôfperst te wurden, of hoe is dat om bemind te wurden troch in oarenien as dyn partner dêr’st mei troud bist? Wat docht spanning mei dy; hoe pakst ferlechjes oan. Hoe glidest stadich ôf fan aventoerke nei ûntrou. Wat krijst ast hiele dagen klearstean moatst foar in bouploech en net oan dysels takomst. Hoe kinst it goedkrije om de bern ôf te keapjen mei it iene kado nei it oare?
Foar it lapke
Moatst der as lêzer oer kinne datst folslein op ‘e ferkearde foet set wurdst. Wurdst meifierd nei in Frânske nor, ôfwiksele mei de ûntwikkeling fan it hinne en wer smiten wurden fan de haadpersoan tusken wat sa heart en it bûten de stringen doarre te stappen. Foar lekkerbekken is der ek fan alles te genietsjen, want Simone moat omstean leare: fan siede út pakjes, giet se werom nei de ûnbedoarne rauwe keuken à la Francais.
Amour
Har leafdeslibben hat dêr ek wol wat fan; fan it foarprogrammearde foarsisber kabbeljend ien kear yn ‘e wike stramyn, fan hûndert yn in doaske, nei seks yn alle toanaarden, bûtenwênst. Kin Simone dat oan? De spanning wurdt moai opfierd, it falt net ta om it boek del te lizzen.
(Oantúchadvys: In moai kadootsje foar lju dy’t yn in ferbouwing sitte.)
